It libben fan Bonifatius
akky van der veer
bornmeer, 2004
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Yn dit literêr non-fiksjeboek set Akky van der Veer Bonifatius yn syn tiid. Se docht dat oan de hân fan in tal fragen, lykas: Wat wiene dat foar minsken, dy heidenske Fryske foarâlden fan ús? Hoe libben se en wêr libben se fan? Hoe seach it der doedestiids om Dokkum hinne út? It boek ferskynde 1250 jier nei de dea fan Bonifatius as in biografy foar breed publyk. Der kaam tagelyk ek in oersetting út.
Oaren oer dizze titel
Henk van der Veer, Sneeker Nieuwsblad 25-10-2004, eigen webside
Albertina Soepboer, Farsk 38 - 2004