De hûn sil om jim bylje (fjirde printing)
rink van der velde
friese pers boekerij, 2004

 De hûn sil om jim bylje is in roman út 1978 fan Rink van der Velde oer it drama dat him yn de strange winter fan 1929 ôfspile ûnder Gruttegast. Op 18 jannewaris skeat Eije Wykstra doe fjouwer plysjes dea, dy’t Aaltsje van der Tuin by him weihelje soene, om’t sy út earmoed har seis bern yn ’e steek litten hie en har ferantwurdzje moast by de offisier fan justysje. Eije en Aaltsje wurde yn De hûn sil om jim bylje Lute en Feikje neamd, sa’t de skriuwer op oare plakken ek wolris wat ôfwykt fan de histoaryske feiten. Yn dit boek, dat winliken in rekonstruksje is, freget Van der Velde him ôf hoe’t it kin dat in man dy’t yn syn dwaan en litten net folle ferskilt fan de measten, derta kaam om fjouwer minsken dea te dwaan.
Filmmakker Pieter Verhoeff ferwurke de roman yn 1980 ta de spylfilm Het teken van het beest. Datselde jier ferskynde in oersetting (ûnder deselde titel as de film) troch Teake Oppewal.

Oaren oer dizze titel
M.J. de Haan, Frysk en Frij 21-10-1978
Tiny Mulder, FD 04-11-1978
Tineke Steenmeijer-Wielenga, LC 25-11-1978
Cees van Mourik, Trotwaer, 1980 nr. 1 s. 27-32