In moaie leeftyd
tiny mulder
friese pers boekerij, 2004 (tredde printing)

Sarah Blom is achtensechstich as se op har libben werom sjocht. Doe't se noch Saakje hiet, emigrearre se mei har man Hotze en bern nei Kanada. Se binne beide slim teloarsteld yn it Nederlân fan nei 1945. Fan alle idealen dy't se yn 'e oarloch hiene, liket neat op 'e hispel te kommen. Mar Kanada is ek net it paradys dat harren foarspegele is. De earste lange sniewinter yn in blokhut sil Saakje noch lang heuge. Se bliuwt mar ûnwennich, nettsjinsteande har fleurige brieven nei hûs. En dat de gefolgen fan de besettingstiid yn Fryslân sels yn Kanada ynfloed op har libbenslot krije, hie Sarah al hielendal net ferwachte.
Mei In moaie leeftyd skreau Tiny Mulder yn 1991 de earste emigraasjeroman út de Fryske literatuer. Yn 1992 ferskynde in werprinting. 

Oaren oer dizze titel
Jan Wybenga, LC 16-08-1991
Henk van der Veer, Sneeker Nieuwsblad 19-07-2004 en op eigen webside
Eric Hoekstra, Farsk 43 - 2005