Swarte ingels
willem schoorstra
frysk en frij, 2004

Hilbrand en syn suske Fardou wenje wat isolearre op in pleats bûtenút. Harren heit wol dat se mei sport grutbrocht wurde, mar mem set se op it spoar fan de literatuer. Hilbrand fertelt it ferhaal. Heit en mem hawwe in minne relaasje en hy ûntdekt dat heit mei oare froulju omslacht. Sels rekket er fereale op syn suske. Hy pakt der mei om en kin neat skine litte. Allinne syn pake, dy't net mear prate kin, fertelt er syn alles oerhearskjende leafde. As Fardou troch in tafal te witten komt wat hy foar har fielt, krije se in ferhâlding. De yntinse leafdesrelaasje kin net geheim bliuwe en kriget in dramatyske ein. It ferhaal fan dy ûnmooglike leafde spilet him ôf yn it dekor fan de jeugdkultuer fan de santiger jierren.

De earste printing fan Swarte ingels ferskynde yn 2004 en waard yn 2005 bekroand mei de Fedde Schurerpriis, debútpriis fan de Provinsje Fryslân. It boek is te keap by útjouwerij Elikser yn de TDE-rige. Yn febrewaris en maart 2011 wie it it lêste boek út it projekt ‘Fryslân lêst syn toppers’. Doe ferskynde ek in tredde printing as in spesjale útjefte by it projekt. Der is ek in oersetting yn it Nederlânsk troch de auteur sels: Zwarte engelen.

Oaren oer dizze titel
Jabik Veenbaas, LC 13-02-2004
Gerbrich van der Meer, FD 28-04-2004
Jetske Bilker, Farsk 23-2004
Joke Corporaal, Hjir 04-2004
Jelle van der Meulen, Friese Literatuursite
Bauke Zijlstra, 'Fan God en deale los', Ensafh jg 3, 2011, nr. 2, p. 59 e.f.
Sigrid Kingma, 'Swarte ingels. In jeugdboek foar 16+', De Moanne 2011, nr. 3

Tekst beskikiber yn de Digitale Bibleteek