De mjitte
koos tiemersma
friese pers boekerij, 2004

Mette krijt nei har fjirtichste oanstriid om yn har fammejierrren te dûken. Al gau sit se wer midden yn it ferline: yn in kleurrike folksbuert fan in Frysk stedsje, mei in alkoholistyske heit, in dweperige mem en Boyen, in wat jongere healbroer mei in fierstente rike fantasy. De fassinaasje fan Mette foar Boyen sloech om yn ôfgeunst en by einsluten yn in ferwidering tusken beide. Mar nei al dy jierren wol Mette op 'e nij kontakt mei Boyen en sjocht se foar it earst ek kritysk nei har eigen hâlden en dragen. Of hat se in oere bedoeling? Yn dizze roman binne de dingen net altyd wat se op it earste gesicht lykje te wêzen.

Dizze twadde roman fan Koos Tiemersma ferskynde yn 2010 ek as e-boek op de skriuwer syn eigen site ûnder de titel Ien is in swalker. Unnderwilens is dat wer feroare yn de oarspronklike titel.

Oaren oer dizze titel
Jabik Veenbaas, LC 13-08-2004