Sterke skouders
hanneke de jong
Koperative útjowerij, 2004

De 16-jierrige Willem wennet net mear by syn âlden op it eilân, mar by syn omke en tante oan ’e wâl. Hy giet yn ’e stêd op skoalle. Willem wol syn heit net sjen en as syn mem op besite komt, soarget er dat er net thús is. Hoe komt it dat er sa lilk is op syn heit? Sterke skouders giet oer Willem syn syktocht nei wat him yn syn bernejierren ôfspile hat. Dit boek is de twadde jeugdroman fan Hanneke de Jong, nei har suksesboek De lêste brief. It ferskynde foar it earst yn 2004 by de Koperative Utjowerij, in twadde printing ferskynde yn 2014 by TDE. De oersetting kaam út yn 2005 by Van Goor.

Oaren oer dizze titel
Jelle van der Meulen, Friese Literatuursite
Wieke de Haan, Boekenijs, LC 03-11-2004
Jant van der Weg, FD 15-02-2004
Jitske Kingma, De Moanne 2005, nr 2

Oer de oersetting
Harm de Jonge, DvhN 18-02-2005
Monique Snoeijen, NRC 08-04-2005
Marissa de Veld, Bibliotheekema 07-06-2012