In kop fol bylden en oare ferhalen
froukje annema-noordenbos
frysk en frij, 2003

Fiif jier nei it ferstjerren fan Froukje Annema-Noordenbos (1941-1998) brocht Utjouwerij Frysk en Frij in mânske samling út fan har koarte ferhalen ûnder de titel In kop fol bylden. Yn de bondel stiet in kar-út fan 50 ferhalen út har hiele oeuvre, gearstald troch útjouwer Goasse Brouwer en Mentha de Jong (1919-2010). De ferhalen binne, wêr't dat nedich wie, troch de útjouwer bywurke. Sa binne net-aktuele begripen, feiten en saken oanpast of weilitten. De taal is hjir en dêr modernisearre en omstavere nei de hjoeddeiske stavering (ynfierd yn 1980). Njoggen fan de opnommen ferhalen wiene noch net earder bondele.

Oaren oer dizze titel
Wieke de Haan, F-side 01-05-2003
Jitske Kingma, De Moanne nr. 9/10 des. 2003, s. 80