De riedsels fan it hert
ferskate auteurs
friese pers boekerij, 2003

Wat hawwe in fytsehok, in sigerige bushalte, in hotelkeamer yn Poalen en in kampearbuske mei maleur mei-inoar te krijen? It binne allegear plakken dêr't minsken, fan jong oant âld, samar ynienen de leafde ûntdekke. Dat bart gauris net sûnder alderhanne swierrichheden. Soms is de leafde te finen yn in hoekje dêr't men it net ferwachtet. In oare kear docht immen alle war om de leafde en de leafste te feroverjen en komt alles op 'e kop ferkeard. Dan bliuwt allinne it oantinken oan langstme en passy oer. En soms inkeld mar in weemoedich glimke om dy dwaasheid fan eartiids.
Yn sechstjin tige útinoar rinnende ferhalen wurdt in lyts tipke fan de geheimen fan de leafde ûntbleate, in ûnderwerp dat de lêzer troch de ieuwen hinne dwaande hâldt.

Mei ferhalen fan:
Riek Landman
Ytsje Hettinga
Greet Andringa
Jaap Krol
Jitske Kingma
Willem Winters
Manuela Köster
Baukje Wytsma
Simy Sevenster
Neeltje Bonnema
Anders M. Rozendal
Bennie Huisman
Marije Roorda
Corry Boelens
Frâns en Tineke Steenmeijer
Joke Keizer.

Oaren oer dizze titel
Jabik Veenbaas, LC 12-09-2003
Wieke de Haan, F-side 21-11-2003