De heit fan Serafyn
marga claus
afûk, 2003
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
De jonge Fryske Fransiskaan Gerhard ferlit yn 1962 it kleaster om yn de eardere Nederlânske koloanje Nij-Guinea it bestean te dielen mei de Papûa's. It wurdt de moaiste én de swierste tiid fan syn libben. Tweintich jier lang wennet er by de Ekkarys, in stam yn de rimboe fan it heechgeberchte en is er dielgenoat fan har lok en leed. Gerhard 'krijt' dêr sels in dochter: Serafyn. Stadichoan wurde him de idealen dúdlik fan syn learmaster út de trettjinde ieu Fransiskus fan Assisi.
Om syn sûnens moat er begjin jierren tachtich foargoed werom nei Fryslân. As er yn 1996 in begjin makket om syn oantinkens op papier te setten, konfrontearret syn eardere help Taddeus him mei de hjoeddeistige hurde werklikheid fan de Papûa's: oanhâldende skeiningen fan de minskerjochten troch it Yndonesyske leger, in lân útrûpele om syn boaiemskatten en as gefolch dêrfan de wanhoop fan de frijheidsstriders fan de OPM.
Gerhard krijt syn ferslach net ôf. Syn meibroeder Johan, krekt werom fan Papûa, wurket de notysjes om ta in boek, om de ferhalen troch te jaan oer it folk dêr't se beiden sa fan hâlden ha. De heit fan Serafyn kin sjoen wurde as in dokumintêre roman, dêr't de skriuwster sa goed mooglik it libbensferhaal fan de man dy't model stie foar Gerhard yn folge hat.
Fan dit boek ferskynde yn 2006 in oersetting yn it Hollânsk by Van Gennep, makke troch Jantsje Post en Oep Elbers.
Oaren oer dizze titel
Sietse de Vries, LC 12-09-2003 (fraachpetear)
Jabik Veenbaas, LC 24-10-2003
Wieke de Haan, F-side 30-09-2003
Eric Hoekstra, Farsk 18 - 2003
Jitske Kingma, De Moanne/Trotwaer nr. 2, mrt 2004, s. 52-53
Oer de oersetting, LC 07-04-2004