It apparaat
sikke doele
friese pers boekerij, 2003

De ferhalebondel It apparaat slút oan by de eardere bondel De gouden teeman. Yn seis nije ferhalen en ien âlder (noch út De Tsjerne fan 1965) giet de skriuwer werom nei de wrâld fan syn jongesjierren. De toan is lykas altyd myld-observearjend en iroanysk. De measte ferhalen lykje basearre op jeugdoantinkens út de 50-er en 60-er jierren.
‘Sikke Doele lit yn It apparaat sjen dat er in master is yn it delsetten fan deistige sênes: dialoochjes, de observaasjes en fantasijtsjes fan in bern, reaksjes fan de grutte minsken. Fan al dy lytse barrens, foar elkenien werkenber, wit Doele oannimlike ferhalen te meitsjen.’ (Elske Schotanus).
Sikke Doele ferstoar yn 2002. Postúm ferskynden yn datselde jier noch de dichtbondel Longereilân en dizze ferhalebondel.


Oaren oer dizze titel
Jabik Veenbaas, LC 07-03-2003
Lolkje Hoekstra, De Moanne, maaie 2003, side 63
Henk van der Veer, Sneeker Nieuwsblad, 18-08-2003
Tsjerk Veenstra, FD 03-09-2003
Elske Schotanus, Farsk en op eigen webside
Jelle van der Meulen, Friese Literatuursite