Famke yn Frjentsjer
hyke sophia kuperus
venus, 2003

It is in wûnder dat Hyke Sophia Kuperus har as famke steande hâldt yn dy betiizjende en gauris benearjende wrâld. Healbruorren wolle net om lyk. Heit kin de drank net stean litte. Sykte en dea teheisterje de húshâlding. Hyke Sophia nimt har de dingen tige nei en se hat it net maklik. Mar se fynt de krêft om oerein te bliuwen. As mem ferstjert moat se nei it weeshûs, heit kin net foar har soargje. En dêr bloeit se hielendal op. It wurdt de moaiste tiid fan har libben. By in faar en in moer dy't noed steane foar in feilich nêst, kin se einliken in fleurich en ûndogensk bern wêze.
De nuchter skreaune memoires fan Hyke Sophia Kuperus (1897-1989) waarden yn it Frysk oerset troch Neeltje Bonnema, yn 'e mande mei Trinus Riemersma.

Oaren oer dizze titel
Jabik Veenbaas, LC 19-12-2003
Wieke de Haan, F-side 21-01-2004