It moaiste famke fan Antarctica
r.r. van der leest
venus, 2003

It moaiste famke fan Antarctica is it tredde diel út de Nier-en Dynte-syklus. It giet hjir om in werútjefte fan it oarspronklik yn 1974 publisearre boek. Dynte Planteit en Nier Hinnebruier wurde as ûnderwizersechtpear beneamd oan in skoalle yn Drinte. Harren foargongers blike yn it skoalhûs fermoarde te wêzen, Nier en Dynte losse de saak op har eigen wize op. Mear noch as om ôfwikkeling fan de saak sels falt dit boek op troch de humoristyske styl dêr’t R.R. van der Leest om bekend stiet. Ek de foarmjouwing is gâns flyt op dien mei typografyske grapkes as it filmyske fade-ins en fade-outs troch de tekst wat bleker te printsjen.

Oaren oer dizze titel
Jitske Kingma, de Moanne 2003 nr 9/10 s 82-83
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite