Healwize oanslaggen
trinus riemersma
venus, 2003

Yn it Ynstitút Madame Curie by Parys wurdt in feestke holden. It is de wittenskiplike stêf slagge om de baktearje te identifisearjen dy't eksplosive deminsje feroarsaket. In frou fan in cateringbedriuw hat in lyts ûngemakje en fuort dêrnei stapt in kameraploech hastich op. Nimmen dy't der wat efter siket. In wike of wat letter komt ien fan de stêf werom fan fakânsje. Hy fertelt syn sjef en de plysje dat er yn Grikelân ûntfierd is en twongen is om de baktearje dy't eksplosive deminsje bewurket te fermannichfâldigjen. Earst wurdt er foar gek fersliten, mar as de oanwizings sterker wurde, waakst it erchtinken. Dan is it te let. Tweintich persoanen dy't harren frijwillich besmette litten hawwe, geane de westerske wrâld oer.
Trinus Riemersma skreau dit ferhaal earst as in filmsenario. Mar om't hy net ferwachte dat it ea ferfilme wurde soe hat er it omboud ta in 'lêssenario'. 'In filmsenario lêst dreech om't it ien lang trochrinnend ferhaal sûnder rêstskoften is. It is yn earste ynstânsje ek net foar gewoane lêzers ornearre. Om't dat mei myn senario wol it gefal is, bin ik de lêzer temjitte kommen troch it ferhaal yn gruttere en lytsere parten te knippen', ferklearre de skriuwer yn it foaropwurd fan Healwize oanslaggen.

Oaren oer dizze titel
Wieke de Haan, F-side 18-05-2003
Jabik Veenbaas, LC 19-09-2003
Gerbrich van der Meer, FD 29-10-2003
Jetske Bilker, Farsk 16 - 2003
Willem Winters, De Moanne nr 9/10, desimber 2003 s. 94-95