Gegrommel fan satyn
Tsead Bruinja
20 leafdesgedichten en in liet fan wanhoop bv, 2003

Gegrommel fan satyn is in bondel fan Tsead Bruija. De gedichten yn dizze bondel binne, lykas yn in soad wurk fan Tsead Bruinja, tige assosjatyf fan opbou. Sintraal steane syn oantinkens oan de grutte leafde dy't er kwytrekke, lykas ûnder wurden brocht yn it fers Lethe, de mytologyske rivier fan ferjitnis. In fragmint hjirút:

ik garre út alle plakken dêr’t ik oan dy tocht hie de
moaiste gedachten brocht se byinoar yn ’e hoeken fan
myn tichte eagen dêr’t ik dy gearkomme liet yn in stream

stream dy’t ik by dyn súdlik hûs delrinne litte woe
stream dy’t troch de koperen lieding de lekkende
badkeamerkraan yn krûpe moast

Oaren oer dizze titel
Jelle van der Meulen, Friese-literatuursite
Babs Gezelle Meerburg, LC 22-08-2003
Wouter Godijn, Dagblad van het Noorden, 28-03-2003
Abe de Vries, Farsk 21-03-2003
Stven H.P. de Jong, De Moanne 09-2003