Sloppe opels
bouke van der hem
frysk en frij, 2002

Yn de ferhaleroman Sloppe Opels fytst Sipke Blom hurd troch fulkanyske oarden: de Greidhoeke, de Golden Raand fan Grinslân, de Drintse heide, Praach, New York. Yn achterfolging. Syl âld-skoalkammeraat Reinder Beetstra gong in oare kant út, mar krúst bytiden syn paad. Der wurdt mei in iroanysk each sjoen nei de erupsjes en it dôvjen: heabroei, oarlochsfouten, jongesspultsjes, doping en eutanasy, moadegrillen, polityk ferfal, ûnbehelpsumens, ferfrjemding by it âlder wurden.
Sloppe opels is it debút fan Bouke van der Hem, nei in ferhaal yn it jongereinnûmer fan literêr tydskrift De tsjerne yn 1967 syn nije start as Frysk skriuwer.

Oaren oer dizze titel
Sietse De Vries, fraachpetear mei de skriuwer, LC 08-03-2002
Tsjerk Veenstra, FD 15-05-2002
Eric Hoekstra, Literêre Publikaasjes oersjoch
Henk van der Veer, Sneeker Nieuwsblad 17-10-2005 en eigen webside