Wettersek
jaap krol
bornmeer, 2002

Wettersek giet oer baarnende loften, hite grûn en droege kielen. Oer klompen goud en kâld wetter, oer lange treinen en hurde wyn, oer sitten en oerein kommen. Mar ek oer ljocht, omke Melle en tante Japke, oer blakstille marren en sjongerige bosken, koartsein: allegearre ellinde – mar ek hiel wat fleur.

De bondel befettet de novelle ‘Wettersek’ en fjouwer ferhalen. ‘Wettersek’ is in bysûnder ferhaal: it fertelt yn 54 sênes en koarte fertelstikken de gong fan it plot tsjin it ferrin fan de tiid yn. Wettersek is Jaap Krol syn debút.

Oaren oer dizze titel
Sietse de Vries, fraachpetear mei de auteur, LC 12-07-2002
Marijke de Boer, fraachpetear mei de auteur, FD 13-07-2002
Jabik Veenbaas, LC 26-07-2002
Yvonne Dijkstra, FD 04-09-2002
Wieke de Haan, F-side 02-10-2002
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Abe de Vries, Kistwurk 2002-VII
Elske Schotanus, Kistwurk 2002-VII