Striid sûnder ein
itty sluis
útjouwerij fryslân/afûk, 2002

Trui Jentink, folút Geertruida Christina Jentink, wie skriuwster en sjoernaliste oan de ein fan de 19de ieu en feministe fan de earste oere. Der is net safolle fan har bekend. Sy wie in eigensinnige frou en hat hiel wat fan har korrespondinsje sels ferbaarnd. Itty Sluis makke jierren stúdzje fan Trui Jentink har libben en skreau in romantisearre biografy oer ‘it krantewyfke’, sa't se wol neamd waard.
Ut it boek komt Trui Jentink nei foaren as in foarútstribjende frou, dy't har mei muoite oan it âlderlik miljeu ûntwrakselje koe. Har heit wie dûmny yn Nijlân; se troude yn 1882 mei Oebele Stellingwerf, kranteman fan it Friesch Volksblad en aktyf yn de arbeidersbeweging. Oars as bygelyks Aletta Jacobs krige Trui Jentink net de kâns om te studearjen, mar troch har grut gefoel foar rjochtfeardichheid en har flotte en skerpe pinne waard se dochs ien fan de meast opmerklike froulju út 'e skiednis fan Fryslân.

It boek is opdroegen oan alle froulju dy’t har ynsette en ynsetten hawwe foar de eminsipaasje fan de frou. It earste eksimplaar waard op 20 desimber 2002 yn Nijlân oanbean oan Sharon Dijksma.

Oaren oer dizze titel
Jabik Veenbaas, LC 24-01-2003
Harmen Wind, De Moanne 2003-3
Wieke de Haan, F-side 06-02-2003

Mear ynformaasje
Muoikesizzer Carel Jentink, LC 24-01-2003
Pieter de Groot, LC 25-01-2003
Sietse de Vries, LC 15-02-2003
Jelma Knol, De Moanne 2003-3
Ernst Bruinsma, De Moanne 2003-3