Snijpunten
willem tjerkstra
kffb, 2002

Yn de roman Snijpunten komme skiednislearaar Hidde Keimpema en sakeman Ralf Lanting foar ien nacht op deselde sikehúskeamer te lizzen. Dêr reitsje se oan de praat oer it libben en har fizy dêrop. It libben en tinken fan Hidde Keimpema wurdt ferteld fan jonkje oant 2000, dat fan Ralf Lanting fan 2000 nei skoaljongestiid. Wat sy yn dy iene nacht oan inoar fertelle en wat inkeld by har boppe komt yn bylden, bliuwt yn it tsjuster.
Mar wat wol opljochtet, binne de snijpunten yn it libben en tinken fan de learaar en de sakeman. De echte moeting is foarby it ultime snijpunt.

Oaren oer dizze titel
Tsjerk Veenstra, FD 27-11-2002
Klaas Jansma, De Moanne/Trotwaer 2002-3