In fin mear as in bears
rink van der velde
friese pers boekerij, 2002 (4e printing)

In fin mear as in bears giet oer it libben fan Salomon Levy, in histoarysk figuer fan Dútsk-joadske komôf. As jongfeint komt er yn 'e Westerein telâne. In doarp sûnder tsjerke en skoalle en mei in achterlân dat allinne út heide en ûnlân bestie. En dêr wennen de heidsjers, de ferskovelingen fan de maatskippij - yn ûnwittendheid mar tûk, yn earmoed mar frij. Salomon Levy jout him der goed by en sels de echte Westereinders moatte mei gauwens tajaan dat er in fin mear hat as in bears. It stiet fêst dat er yn 1797 meidien hat oan it Kollumer Oproer (de opstân fan de prinsgesinden tsjin it gesach fan de patriotten) en dat dy aksje him needlottich wurden is. De oerlevering wol ha dat sawat de heale Westerein fan him ôfstamt. De earste printing fan dizze roman fan Rink van der Velde ferskynde yn 1995.

Oaren oer dizze titel
Jelle Krol, LC 23-06-1995