Swarte egen
steven h.p. de jong
koperative útjowerij, 2001
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Dit ferhaal spilet yn Earnewâld om 1730 hinne. Froukje Haaies, feanarbeidster en fearfrou, is in moaie jonge frou dy't fleur en wille bringt, in brede freonerûnte hat en helpt dêr't se helpe kin. Lykwols, se krijt te meitsjen mei tsjustere krêften yn 'e maatskippij en yn harsels. Yn 'e striid tusken goed en kwea wurdt se stadichoan in tragyske figuer as yn in klassyk drama. It ferhaal spilet him earst ôf yn 'e Earnewâldster feanen, einiget yn Ljouwert en docht rjocht oan 'e tiid dêr't Froukje yn libbe.
Oanlieding ta it skriuwen fan dizze roman wie in artikel út de Ljouwerter Krante fan 6 septimber 1985, dat de skriuwer tafallich fûn yn syn knipselmap op it FLMD. Hy brûkte it kranteartikel as ramt om syn eigen ferhaal te fertellen en skreau, sa seit tekst fan de achterflap, 'in ferhaal oer goed en kwea yn in lyts doarpke yn Fryslân út in fier ferline… mar is der safolle feroare?'
Oaren oer dizze titel
Jabik Veenbaas, LC 19-10-2001
Gerbrich van der Meer, FD 14-11-2001
Wieke de Haan, F-side 28-11-2001