De Kâlde Erfenis
hylke speerstra
friese pers boekerij, 2001

De kâlde erfenis lit de flier fan de iisherberch kreune. Op 'e boppeseal dûnset it jongfolk de iispolka, guon mei de redens noch ûnder. Dy nacht ferskynt de iisgoadin. Hylke Speerstra makket in winterreis troch it Fryslân fan 1997 en fan hûndert jier lyn. Op elke beferzen sleat of mar stroffelet er oer âlde ferhalen. Fertellingen oer hoe't de winter it plattelân út syn isolemint helle. Of it pearke dat, befrijd troch it iis, sa goed by elkoar yn 'e slach lei dat it op de Lollumerfeart op frijen útdraaide.
De kâlde erfenis is in oersetting en útwreiding fan De koude erfenis, dat yn 1998 útkaam by Contact.

Oaren oer dizze titel
Wio Joustra, de Volkskrant 23-01-1998
Aly Knol, Nieuwsblad van het Noorden 16-01-1998
Jabik Veenbaas, LC 21-09-2001
Henry Baron, World Literature Today, Spring 2002, The Free Library