De nachtmerje fan Rawier
jurjen van der kooi
friese pers boekerij, 2000
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
De gearstaller fan dit boek hat mear as 350 Fryske sêgen oer it boppenatuerlike sammele. Gâns Friezen leauden noch net iens salang lyn oan spoeken en demoanen, tsjoenders en tsjoensters, wearwolven, wite juffers, reuzen, ierdmantsjes en oare boppenatuerlike ferskynsels. Duvelbanners en wûnderdokters hiene tagong ta dy oare wrâld en op har help waard faak in berop dien. It boek jout in autentyk en betrouber byld fan de mûnlinge oerlevering en lit sjen ta hokke grutte hichten de fertelkeusnt yn Fryslân rikke koe. Van der Kooi, haaddosint folkskunde/etnology oan de Grinzer Universiteit, hat der in ynlieding by skreaun en de ferhalen oardere neffens it ferskaat oan boppenatuerlike wêzens dat der in rol yn spilet.
Oaren oer dizze titel
Kerst Huisman, LC 01-09-2000
Gerbrich van der Meer, FD 25-10-2000