De oerwinning
riek landman
friese pers boekerij, 2000
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
De oerwinning is de tredde grutte roman fan Riek Landman, dy’t har skriuwerskarriêre begûn mei de Sigrid en Anke-rige. Sintraal stiet de relaasje tusken Jetske, in jonge frou, en har pake Jabik. Troch flashbacks wurdt ferteld hoe’t de relaasje tusken beide haadpersoanen ta stân kommen is. Fan grutte ynfloed wie it omkommen fan Jetske har âlden en de bytiden benearjende soarch fan har pake, dy’t yn de relaasje mei syn eigen soan sels ek skeind is. Jetske siket dan ek mear en mear de frijheid, wat derfoar soarget dat sy en har pake útinoar groeie. De wichtichste motiven yn dizze roman binne it ûnfermogen goed mei-inoar te kommunisearjen en hoe’t minsken besykje heel te meitsjen wat stikken wie.
Oaren oer dizze titel
Jabik Veenbaas, LC 15-09-2000
Jitske Kingma, Trotwaer 2001 nûmer 3