Salang't de beam bloeit
trinus riemersma
koperative útjowerij, 2000

Riemersma lit him yn dizze bondel ferhalen fan in heel oare kant sjen as de lêzer fan him wend is. Hy bringt yn dizze bondel fariaasjes op âlde folksferhalen sa’t dy ieuwen húsriem west hawwe yn Fryslân en heel Europa. Mar dan wol mei in skabreuze ynslach dy't de lêzer yn tradisjonele folksferhalen net gau oantreffe sil.
De leafde foar it folksferhaal hat de skriuwer skipe fan syn learmaster Ype Poortinga. De niget oan it simpele ferhaal dat fan geslacht op geslacht trochferteld waard, hat him earder utere yn in wittenskiplike stúdzje fan sines nei inkelde typen folksferhalen. Mar stúdzje wie net genôch. De skriuwer hie der sa’n aardichheid oan dat er sels ek ris in rige ferhalen yn ’e folkstrant skriuwe woe: mearkes, sêgen, leginden en domme-duvelteltsjes.

Oaren oer dizze titel
Jabik Veenbaas, LC 18-05-2001
Henk van der Veer, Sneeker Nieuwsblad, 25-06-2001
Jan J. Jongsma, De Fleanende Krie, septimber 2001, s. 4
Joke Corporaal, Trotwaer, juny 2002, s. 254-256
Jurjen van der Kooi, FD 06-06-2003
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite