De wizers yn it read
Tsead Bruinja
20 leafdesgedichten en in liet fan wanhoop bv, 2000

De wizers yn it read is de earste Frysktalige bondel fan Tsead Bruinja. It dichtsjen yn syn memmetaal fielt as thúskommen en is tagelyk ferfrjemdzjend, sa't er yn meardere gedichten fêststelt. Dochs is der in needsaak om krekt yn it Frysk op te skriuwen wat him dwaande hâldt wanner't er oantinkens oan syn famylje en dêrmei syn jeugd omset yn poëzy:

ik leau yn ús taal
myn Frysk is net geef
mar it is de taal dêr't dit yn gebeurde


Oaren oer dizze titel

Henk van der Veer, Sneeker Nieuwsblad 22-08-2000 (sjoch Webside Tsead Bruinja ûnder 'Pers')
Babs Gezelle Meerburg, LC 24-11-2000 (diel 1 en diel 2)
Piter Yedema, Hjir nûmer 1 2001 (sjoch Webside Tsead Bruinja ûnder 'Pers')