Tantalus, leafde en yntriizje yn Egypte
manuela köster
elikser, 2009
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Fayda is in tige selsstannige frou, dy’t wit hoe’t se mannen, om te begjinnen har heit Safout en har omke Sabaan, betsjoene en bespylje kin. Se is moai, yntelligint, boartlik, sensueel en benammen mysterieus. Safout stiet oan it haad fan in misdiedorganisaasje, it saneamde Alexandrië Kartel, dat operearret út Kaïro en Aleksandrië wei. Nei de dea fan syn soan en syn frou is er noch fierder ferhurde as dat er al wie en lit er de opfieding fan syn dochter oer oan syn broer Sabaan. Sabaan bestjoert de ôfdieling fan it Kartel yn Aleksandrië. Hy hat in sterk karakter, mar in swak foar syn omkesizzer. Fayda folget in oplieding yn Frankryk en as se weromkomt, lûkt se by har omke Sabaan yn op in grut jacht. Omke en omkesizzer ha in ynlike bân en Fayda driuwt him ta it uterste.
De plysje besiket bewizen fan smokkelhannel te sammeljen om de lieders fan it Kartel te ûntmaskerjen. Dat soarget foar ferrassende ûntjouwingen. It libben fan in tal kaaifigueren komt faai te stean.
Oaren oer dit boek
Sietse de Vries, LC 25-09-2009 diel 1 en diel 2 (fraachpetear)
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite