feestlift
ferskate auteurs
friese pers boekerij, 2009
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Yn Feestlift, it boekewikegeskink fan 2009, stiet de seleksje fan de fjouwer bêste ferhalen út fyftjin, yn it foarôfgeande jier anonym ynstjoerd nei It Fryske Boek. De seleksje waard makke troch Lysbert Bonnema, Jannie van der Kloet en Immy Tappers, dy’t likemin wisten wa’t de auteurs wiene. Der wiene goed tachtich Frysk auteurs frege om wurk yn te stjoeren. De list fan dy tachtich waard op de website fan It Fryske Boek bekendmakke. It boek fermeldt net wa’t de 4 mystery auteurs binne. It foaropwurd stelt allinne dat it om twa manlju en twa froulju giet. Lêzers hiene oant en mei freed 20 maart de tiid om út te finen wa’t dy skriuwers wiene.
De útslach waard fjirtjin dagen nei ôfrin fan de Fryske Boekewiken op 23 maart yn de media en op de side fan it Fryske boek bekend makke. De prizen waarden útrikt op it 75-jierrich jubileumfeest fan It Frysk Boeke op 4 april. De winnende skriuwers wiene Aggie van der Meer, Henk de Haan, Anders M. Rozendal en Greet Andringa. Oan de lêzerspriisfraach diene 29 lêzers mei; mar ien fan har wist twa auteurs teplak te bringen. De helte hie ien fan de fjouwer auteurs goed sketten.
De titels fan de ferhalen binne, yn deselde folchoarder: De fioele, It reade fytske, Wetterloo, Deus ex. Jaap Krol, FD 25-2-2009
Greet Andringa har ferhaal 'Deus ex' kaam net goed yn it boekje telâne. De korrekte tekst stiet op Ensafh 22-04-2009
Oaren oer dizze titel
Jetske Bilker, LC 20-20-2009
Sjueryrapport skriuwwedstriid Feestlift yn ensafh.
Elske Schotanus, de Moanne nr. 2 2009 s. 40-41 en op eigen website
Jaap Krol, FD 25-02-2009