feestlift
jetske bilker, neeltsje bonnema en mindert wijnstra
friese pers boekerij, 2009

Ynwenners fan de sechstjin doarpen fan Frjentsjerteradiel hellen oantinkens op en fertelden ferhalen oer harren doarp. Ferhalen oer leafde, lytse en grutte drama’s, fiten fan jongelju, brânstichting en stellerij. Dy ferhalen binne optekene en bewurke troch de skriuwers Jetske Bilker, Neeltsje Bonnema en Mindert Wijnstra.
In auto-, fyts- en kuierrûte liedt de lêzer troch alle doarpen en lâns tritich plakken mei in ferhaal. De foto’s binne fan Ruud C. Hoff. Fan alle doarpen is fierder in plattegrûn opnommen.

Oaren oer dizze titel
Fedde Dijkstra yn de Ljouwerter Krante
Gerbrich van der Meer, FD 25-07-2009