It piipjen fan de proai
sjoerd bottema
afûk, 2009

Patat mei mayonêze en in bearelul, dat is it keninginnemiel fan de widdo Melchert-Van Beyma thoe Kingma alias Bontsje fan Swarte Willem. De earste bút yn har jacht nei it gelok. Mar dêr bliuwt it net by. Bontsje wol de spoeken fan it ferline begrave en oan har takomst bouwe, net langer proai wêze mar jager. Dêrmei stiet sy model foar de personaazjes dêr’t it yn dizze ferhalen om draait: proai of jager en soms allebeide.

‘…it is de efterfolger dy’t him stjoere lit troch dejingen dy’t er folget, it wurd seit it al, hy folget. Hy folget en sy kieze it paad. De jager dûnset nei it piipjen fan syn proai en net oarsom.’

Oaren oer dizze titel
Jetske Bilker, LC 09-10-2009
Henk van der Veer, Eigen webside 04-09-2009