De frouwepenje
harke bremer en jarich hoekstra
bornmeer, 2009

Yn 1323 wurdt yn Auwerk in ting fan ´e Opstalsbeam hoden, de grutte gearkomste fan alle rjuchters en prelaten út ´e Fryske lannen. It sil gean oer de fernijing fan it bûn. Broer Nanne fan kleaster Blomkamp is dêr ek by as riedsman fan syn abbet. De earste dei fan it ting wurdt de soan fan syn âlde freon Tsjaard Haaiena fermoarde. Tusken de tosken sit him in sulverstik klamme, in penje mei in ôfbylding fan Us Leaffrouwe. De oare deis wurdt in twadde deade fûn, de bêste freon fan de fermoarde jongfeint. Sit de greve fan Hollân dêr efter? Wol dy it ienheidsstribjen fan de Friezen fertribelje en troch moard de partijen opinoar oanhysje? Mar der blykt noch in tredde deade te wêzen. Stadichoan komt Broer Nanne der efter dat alles oars yninoar stiket as dat it liket…

Oaren oer dizze titel
Sietse de Vries, fraachpetear mei de auteurs, LC 20-03-2009 part 1 en part 2
Jetske Bilker, LC 01-05-2009 part 1 en part 2
Yvonne Dijkstra, FD 08-08-2009
Sjoerd Bottema op De Moanne 6 april 2009 (ek yn De Moanne jg. 8, maaie 2009, nr 4 s. 36-37.)
Geart Tigchelaar, Skanoskrift , s.18-19