Bollman & Bollman
marga claus
afûk, 2009

Yn dizze roman fertelt de skriuwster op yntime wize it oangripende ferhaal fan in man mei in grut geheim. As Yasper Bollman yn de syktewet bedarret en alle tiid hat om nei te tinken, spylje âlde fragen op dêr’t er mar gjin antwurd op krijt. Wêrom hat er dy frjemde oanstriid, wêr komt it wei? As er kollega Alide syn geheim tabetrout, is dat de earste stap op in nije wei. Mar oft dat in wei fan befrijing wurdt ...
Mei Bollman & Bollman stelt Marga Claus as earste it ûnderwerp 'crossdressing' of travesty yn de Fryske literatuer oan 'e oarder.

Oaren oer dizze titel
Jetske Bilker, LC 26-06-2009
Jaap Krol, FD 27-06-2009
Jelma Knol, Ensafh. 24-11-2009
Elske Schotanus, de Moanne nr. 9 2009 s. 48-49 en op eigen webside
Jelle van der Meulen, Friese Literatuursite