Ik, Anna
lida dykstra
afûk, 2009

It ferhaal spilet yn Londen yn 1733. De ferbyntenis tusken de Ingelske prinsesse Anna fan Hannover en de Fryske steedhâlder Willem fan Nassau hinget oan in siden tried. Willem is in pear dagen foar it houlik ynstoart en leit no, bewusteleas en mei in swiere longûntstekking, op bêd yn Somerset House. Foar syn libben wurdt freze.
Tsjin it befel fan har heit yn siket Anna him nachts op. De dokter riedt har oan om tsjin har ferloofde te praten. Miskien dat har stim him helpe kin om wekker te wurden. En Anna fertelt. Alle nachten nimt se Willem yn betrouwen oer de houliksproblemen yn har famylje, har ambysjes, har eangsten, mar ek oer de freugde dy’t se belibbet oan de muzyk fan Händel. Har bycht kin gjin kwea, fynt se. Hy heart har dochs net...
Ik, Anna is in relaas oer twa jonge minsken – sy skeind troch pokken en oergewicht, hy misfoarme troch in fergroeide rêchbonke – dy’t it slagget om fan in ferstânshoulik in leafdeshoulik te meitsjen.

Oaren oer dizze titel
Jetske Bilker, LC 20-11-2009
Elske Schotanus, de Moanne nr. 1 2010 s. 48-49 en op eigen webside