De jonge aaisiker fan Luctor et Emergo
gjalt de groot
bornmeer, 2009

Luctor et emergo is de namme fan in spultsje oan De Grêft, yn it wetterlân tusken Grou, Warten en Earnewâld. By it spultsje wie in binnenkrytsje fan 32 pûnsmiet en 24 pûnsmiet bûtlân. Dat bûtlân stie winterdeis ûnder wetter. Dêr wenne Gjalt de Groot as jonge. Yn dit boek fertelt er oer it hurde boerelibben yn it wetterlân, in wize fan buorkjen dy’t hûnderten jierren bestien hat en yn ’e sechtiger jierren ferdwûn is. Reade tried yn dit boek is it aaisykjen. Rasferteller Gjalt de Groot lit sjen dat it aaisykjen neat te krijen hat mei ‘eieren rapen’ mar alles mei histoarysk besef en leafde foar de natoer.

Oaren oer dizze titel
Halbe Hettema, LC 24-04-2009
Fokke Wester, Wijd en Zijd 15-09-2010