As in wurd my meinimt
Janny Miedema, Tineke Kramer-Miedema, Syds Wiersma oer gys miedema
frysk en frij, 2009

As in wurd my meinimt is in bondel mei neilitten wurk fan Gys Miedema (1951-2001). De ynlieding oer it libben fan Miedema, dy’t ek lêzen wurde kin as in In Memoriam, is skreaun troch syn freon Syds Wiersma. Yn de bondel binne neist in oantal gedichten, foaral in soad aforismen (koarte, puntige rigels mei in djippere wiisheid of ek wol in grapke) opnommen, want dêrmei waard Gys Miedema bekend.

Oaren oer dizze titel