In beferzen mar
durk van der ploeg
friese pers boekerij, 2009

Lochman Raven hat beropsmilitêr west oant er by in fredesmissy ferwûne rekke. Untidich komt er út tsjinst. Nei it ferstjerren fan syn heit, wennet er yn it âlderlik hûs oan de âlde seedyk fan de eardere Lauwerssee. Lochman wurket as wyldbehearder yn it natuergebiet fan de Lauwersmar.
Op in dei komt der in man by him oan ‘e doar. It blykt syn broer Teves te wêzen. Hy wie in healjier doe’t syn mem ferstoar en fiif moanne letter hat syn heit him weijûn. Lochman wie doe acht jier. Teves wol witte, wêrom’t heit him as poppe oan frjemde minsken weijûn hat. De fraach groeit by Lochman út ta in inerlik konflikt, dat er earst mei himsels, en dan mei syn broer útfjochtet. Stadichoan wurde de riedsels út it ferline oplost.

Oaren oer dizze titel
Jetske Bilker, LC 11-9-2009
Jaap Krol, FD 05-12-2009
Henry Baron, World Literature Today 01-01-2010
Elske Schotanus yn De Moanne 2010, nr. 3, p. 44-45 en op eigen webside
A.IJ. van den Berg, Webloch 05-08-2010 (Fryske ferzje yn Ensafh 2010 nr 4)