It kaartehûs
anders m. rozendal
kffb, 2009
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
It libben is ûnwis, jildt dat net foar ús allegearre? Lykwols besykje wy doel oan it libben te jaan, en om in takomst op te bouwen. Mar ús bousels binne faak net mear as in kaartehûs: wif, och sa wif.
De haadpersoanen yn dizze roman bouwe ek oan har takomst, wolle mear út it libben helje. Sa is dêr bygelyks it famke Nadia Kalynychenko út Ukraïne. Sil it har slagje om de ellinde, de earmoed en de driging fan geweld achter har te litten, of sakket har kaartehûs fan de hope daliks yninoar? En dan Gerda Faber, in widdo fan goed fyftich jier. Hoe geef binne de fûneminten dêr’t sy in nij hûs fan lok op hopet te bouwen? Mei Barend de Groot leit it oars. Hy is frijman, krúst mei de frachtwein troch Europa, treft in frommis dat sljocht op him is en pikt út en troch in poepke swart jild by. Mar hoe stevich is syn hûs eins? Dan is de kaartspiler der sels noch. In man dy’t in soad weaget. Hy gûchelet mei de kaarten. Wint en ferliest en wint wer. Mar wat bart der as er op ferlies stiet en hy de kaart dy’t er achter de hân hâldt, útspilet?
Waans kaartehûs kin it tsjin dat geweld hâlde?