Under wetter
koos tiemersma
friese pers boekerij, 2009

Wy skriuwe it jier 2065. Fryslân wurdt priisjûn oan it seewetter dat heger en heger komt fanwegen de klimaatferoaring. De befolking moat fuort, nei Dútslân, Poalen of noch fierder. De diken sille trochstutsen wurde. Yn Ljouwert en Grins rinne noch in pear minsken om dy't de yllúzje hawwe dat se bliuwe kinne. Se foarmje in aksjegroep dy't de Fryske taal en identiteit bewarje wol. Ien fan har, Sil Posset, hâldt in deiboek by. Dat deiboek wurdt wer 75 jier letter útjûn yn Litouwen, dêr't Sil Posset en syn neiteam úteinliks bedarre binne. Mei in echt twatalich foaropwurd, yn it Litousk, en yn it Frysk - der binne noch sa’n 300 minsken dy’t dat Frysk lêze kinne.

Oaren oer dizze titel

Sietse de Vries, LC 27-02-2009 (fraachpetear mei auteur)
Jetske Bilker, LC 06-03-2009
Jaap Krol, FD 31-03-2009
Ate Grypstra, de Moanne jg 8 nr. 7 sept 2009 en De Moanne 01-09-2009
Elske Schotanus, op Go-gol jan. 2010 en eigen webside
Henry Baron yn World Literature Today 01-09-2010, The Free Library
André Looijenga, Ensafh 29-04-2011
Jetske Bilker, LC 02-03-2019