De oarloch fan Wadman
anne wadman
friese pers boekerij, 2009

Yn it literêre wurk fan skriuwer Anne Wadman (1919 – 1997) komt de Twadde Wrâldoarloch hieltyd op ’e nij op it aljemint. De haadpersoanen yn syn romans en novellen binne gauris yntellektuelen dy’t har wat ôfsidich hâlde fan it echte oarlochsbarren en ferset oant sy dochs ferge wurde om in died te stellen. En dan docht bliken dat it heldedom mar foar in inkeldenien weilein is.
Ut it grutte oeuvre fan de skriuwer is in omnibus gearstald mei trije romans dy’t direkt mei dy oarloch te krijen hawwe.

De titel fan it earste boek, (1964), is suver sprekwurdlik. Dy labbekak is in jongfeint dy’t de lêste jierren fan de oarloch by syn omke ûnderdûkt sit. Hy set eins neat út ’e wei en hâldt him ôfsidich fan it ferset. Wol knopet er in ferhâlding oan mei in ûnderdûkster waans man yn in konsintraasjekamp sit. It ferhaal spilet yn Waakswert, dat wol wat liket op Langwar.

In bolle yn ’e reak
(1986) spilet yn it greiddoarp Flokswert. De haadpersonaazjes binne trije lotgenoaten, oan inoar ferbûn troch frjemde triedden fan tagedienens, skuldgefoel en ûnwissens. Foar elk fan har jout dat komplikaasjes en hat it konsekwinsjes.

De fearren fan de wikel
(1990) is basearre op in wier barde skiednis. Yn maart 1945 late de oanslach op in jonge frou út in NSB-húshâlding by Doanjum ta de eksekúsje fan fiif ûnskuldige boargers út dat plak. It boek is skreaun troch ferhaalpersoan Wimke Jellema, in dame fan yn de sechstich. Sy ûndernimt 45 jier nei de oanslach in speurtocht nei de tadracht en de mooglike rol en de motiven fan har ferstoarne man dêryn.

Oaren oer dit boek
* Kûgels foar in labbekak

Jacob Noordmans, LC 31-10-1964

* In bolle yn 'e reak
Jan Wybenga, LC 17-10-1986

* De fearren fan de wikel
Jan Wybenga, LC 21-09-1990