Ridder fan Snits. I Rom
willem tjerkstra
kffb, 1999
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Yn 1999, op ’e kop ôf 600 jier neidat de Snitsers de stins Rodenboarch delhelle hiene, ferskynde it earste diel fan Willem Tjerkstra syn histoaryske roman Ridder fan Snits oer Rienk Bockema (1350-1436), in pleatselike edelman (haadling). Rienck hie as jonge in famke oanfallen en hy miende dat er har ferdrinke litten hie. Dat levere him in nitigjend skuldgefoel op. Undertusken fielde er ek langstme nei frijheid en aventoer. Mei de kening fan Ingelân gie er op krústocht om fan syn skuldgefoel ôf te kommen. Hy focht op Rhodos tsjin de Turken, waard yn 1372 yn Ingelân ta ridder slein en gie doe werom nei Snits, dêr’t er him nei wenjen sette op Rodenboarch. Dêr einiget dit earste diel fan de trilogy.
De dielen II Skuld en III Boete ferskynden yn 2000 en 2001. Tjerkstra krige der twa jier letter de Gysbert Japicxpriis foar.
Oaren oer dizze titel
Yvonne Dykstra, FD 19-01-2000
Eric Hoekstra, Farsk 2 - 2003