De dea fan Nico Dekema
sietse de vries
friese pers boekerij, 1999

Wa hat Nico Dekema fermoarde, de soan fan in smoarrike moalfabrikant? Yn Ljouwert stappe hiel wat mooglike dieders om. Minsken dy’t yn saaklik of yn seksueel opsicht wat mei de deade te ferrekkenjen hiene.Of komme de dieders út it drugssirkwy? Twa polysjemannen, Sibe van der Ham en Gjalt Riemersma, besykje los fan elkoar de moard op te lossen en sa rinne se inoar behoarlik foar de fuotten.
Dizze misdiedroman falt op troch syn aparte humor en nuveraardige personaazjes. It is de twadde yn syn soarte fan dizze auteur, dy’t yn 1998 debutearre mei De boargemaster.

Oaren oer dizze titel

Jabik Veenbaas, LC 26-02-1999
Henk van der Veer, Sneeker Nieuwsblad 17-01-2000