Trochpaden
geart de vries
friese pers boekerij, 1999

Trochpaden is in boek mei petearen dy’t Geart de Vries mei D.A. Tamminga holden hat. De njoggentichjierrige dichter sjocht dêryn werom op syn tiid en wurk. Mei syn markante persoanlikheid en keunstnerskip wie Douwe Tamminga in sintrale ferskining yn it kulturele Fryske fermidden fan de tweintichste iuw. Syn dichtbondels, mar ek syn toanielstikken en romans makken grutte yndruk. As leraar, redakteur fan it ferneamde neioarlochske literêre tydskrift De Tsjerne, meiwurker fan it Grut Frysk Wurdboek en as bestjoerder hat er in soad út ’e wei set.

Mear oer dizze titel
Kees 't Hart, de Groene Amsterdammer 17-11-1999
Pieter de Groot, LC 26-11-1999
Piter Terpstra, LC 26-11-1999
A.IJ. van den Berg op Boeklog, 06-11-2006