Skepsels fan God
durk van der ploeg
friese pers boekerij, 1998
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
De twilling Wander en Tsjaard van Kleffens waard berne yn 1876 op 'e Sionsberch by Dokkum. Nei de dea fan har heit bleau de twilling mei har mem iensum efter op 'e pleats. Yn dwaan en litten hiene de jonges neat fan inoar. Wander, in grouwe knoffel fan in fint, wie redsum en ûndernimmend. Hy hie wat ûndogensk, om net te sizzen ûnbetroubers oer him. Tsjaard wie in húshin, stil en sletten fan aard. Wander studearre teology yn Grins mar liet de stúdzje farre. Tsjaard koe syn proefperioade as ûnderwizer oan it trijemansskoaltsje fan Betterwurd mar amper folbringe. Al hoe tsjinsteld de mannen fan natueren ek wiene, se koene inoar net misse. Hoe't se as godsikers mislearje en hoe't dat mislearjen har ta de ûndergong bringt, wurdt yn dizze roman beskreaun.
It ferhaal spilet him foar in grut part ôf op 'e Sionsberch, in terp eastlik fan Dokkum, dy't yn 1928 ôfgroeven waard. Dokkum en de Dokkumer Wâlden spylje tsjin de kultuerhistoaryske en godstsjinstige eftergrûn ek net swak by.
Oaren oer dizze titel
Jelle Krol, LC 22-5-1998
Piter Duijff, FD 08-08-1998