Akten fan winter
Eeltsje Hettinga
Steven Sterk, 1998

Akten fan winter is it tige goed ûntfongen debút fan Eeltsje Hettinga. Yn syn gedichten falt Hettinga gauris werom op bylden út it ferline, dy't er ferfolgens yn hjoeddeiske fersfoarmen jit. Underwerpen binne ûnder oare it omgean mei de dea fan in broer, it tydlike fan ús bestean, mar ek it wurk fan Brueghel, steefêst omskreaun yn rike, suver argaysk oandwaande rigels.

Dizze bondel waard yn 1999 bekroand mei de Fedde Schurerpriis.

Oaren oer dizze titel
Philippus Breuker, Hjir 1998–3
Tjitte Piebenga, LC 05-02-1999 (diel 1, diel 2 en diel 3)
Remco Ekkers, Trotwaer jiergong 32 (2000)
Sjueryrapport Fedde Schurerpriis 1999
Klaas van der Hoek, Konsenylje 04-2003