De dei is ferrûn
piter terpstra
friese pers boekerij, 1997 (tredde printing)

De 17de ieuske Fryske dichter Gysbert Japiks, earber boarger fan de stêd Boalsert, en syn soan Salves, de rûge, oan drank ferslaafde dokter fan It Amelân, binne de twa haadfigueren yn dizze roman. De pest waret yn Boalsert om. Ek Gysbert en syn frou wurde besmet. Salves komt werom nei Boalsert om syn heit-en-dy te fersoargjen. In heit en in soan, dy't sa ferskillend libben, moetsje inoar noch ienris op in dramatysk momint. De benearing fan in pestepidemy wurdt yn dizze roman yngeand beskreaun.
De earste printing fan dizze histoaryske roman ferskynde yn 1972 ûnder de titel De dei is forroun.
Yn it Gysbert Japiksjier 2003 waard it boek op 'en nij útbrocht as ûnderdiel fan de .

Oaren oer dizze titel
Durk Hibma, De Feanster 05-08-1997