Gjin plak op ierde
durk van der ploeg
friese pers boekerij, 1996
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Yn dizze bondel binne tsien ferhalen byinoar brocht dy't de auteur yn in tiidrek fan 35 jier skreaun hat. Prolooch fan de iensumheid (1961) jout benammen de poëtyske ynslach fan de dichter en prozaïst Durk van der Ploeg wer. Yn de ferhalen Harry (1963), In plak om te stjerren (1969) en In dierber bern (1979) geane de fertellings oer de feriensuming fan de minske, dy't gjin folweardich plak op dizze wrâld hat. Dowen (1984) en It ôfskie (1989) tekenje psychyske en psychedelyske drama's. Needlot (1995) konfrontearret de lêzer mei it needlot, dat de minske slûpend efterop komt. It ferhaal Twa heiten (1992-1996) beskriuwt de tragyk fan in slepend seksueel drama, sjoen troch de eagen fan in bern. It ferhaal oer de sân ravens, de bok en it gouden aai wie mei men oannimme Van der Ploeg syn ynstjoering foar de priisfraach dy't it Fries Museum yn 1995 útskreau by de bylden boppe-op de nije museumgebouwen oan de Turfmerk yn Ljouwert.
De ûndertitel Needlottige ferhalen jout oan dat nimmen yn de fertellings út Gjin plak op ierde oan de driging fan it bestean ûntkomt.
Oaren oer dizze titel
Babs Gezelle Meerburg, FD 28-09-1996
Jelle Krol, LC 04-10-1996 part 1 en part 2
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite