In bit yn 't iis
durk van der ploeg
friese pers boekerij, 1996
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Tim Buma is wittenskiplik haadamtner by de Provinsjale Bibleteek yn Ljouwert. De man is wat ferfrjemde fan de werklikheid en tige yn himsels opsletten. Hy libbet yn syn ferbylding. Der komt lykwols in kear yn syn libben as er Els, in sjarmante notarisdochter út 'e Bjirmen, kennen leart en letter mei har trout. Tegearre sette se har nei wenjen yn syn lânhûs Agricol Antrum. Ut in earder houlik hat Tim in soan, dy't as jonge fan tweintich al emigrearre nei Nij-Seelân. Dy soan hat him oan oarmans libben fergrypt en sit in straf fan tolve jier út. Dat wol Tim foar Els ferswije. As de soan nei Fryslân komt, bringt dat pynlike konsekwinsjes mei, dy't Tim net altyd yn 'e hân hat.
It libben fan Tim feroaret alhiel as hy troch in eachsykte blyn wurdt. Dy blinens iepenet him de eagen nei syn eigen sels: de skriuwer en dichter dy't er altiten graach wêze woe. It bit dat Tim yn it earste haadstik yn it iis kappet stiet symboalysk foar it luchtgat dat er siket yn syn libben.
Oaren oer dizze titel
Folkert de Jong, FD 02-03-1996
Jelle Krol, LC 15-3-1996 part 1, part 2 en part 3
Fragmint út it boek, LC 30-03-1996