Grutte wurden
akky van der veer
bornmeer, 1995
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
De Romeinske keizer Augustus is sa oan it begjin fan ús jiertelling fan doel om it machtige Romeinske Ryk oan de Elbe ta út te wreidzjen. Dêrom wurde de legioenen ûnder oanfiering fan Drusus nei it noarden ta stjoerd om de Friezen en de Chauken oan it Romeinske gesach te ûnderwerpen. Yn ’t earstoan kinne de Friezen – dy’t it terpelân yn de kuststrook tusken Ryn en Iems befolkje – it bêst mei de Romeinen fine. Mar as Olennius it hjir foar it sizzen krijt feroaret dat. Hy hâldt him net oan it freonskipsferdrach en easket boppedat in ûnmooglike skatting fan kowehûden. Yn it jier 28 brekt in opstân út.
Tsjin dat histoarysk dekôr spilet Grutte wurden him ôf: in mingeling fan feiten en fiksje. It is in ferhaal oer trou en ûntrou, oer freonskip en ferrie, oer grutte wurden en lytse dieden. It ferhaal is skreaun út it perspektyf fan de mienskip fan Marisheim wei, in plakje oan it Fly, in rivier dy’t troch it Waadlân nei de Noardsee streamt.
Akky van der Veer skreau dit boek it earst yn it Nederlânsk en sette it dêrnei oer nei it Frysk, de taal dy’t har it neist is. Dêrby feroare se safolle yn de tekst, dat se dêrnei de Nederlânske ferzje ek wer oanpaste. Sadwaande skreau se it boek eins yn beide talen tagelyk. De Fryske ferzje ferskynde yn 1995, de Nederlânske in jier letter as Gezworen woorden. Yn 1998 kaam in Dútske oersetting út, Die Männer von Midgard.
Oaren oer dizze titel
Jelle Krol, LC 08-12-1995
Jant Laverman, FD 09-12-1995
Johan Bloem, Sjedêrrr!!!, 121995
Folkert de Jong, Frysk en Frij, 02-1996
Albertina Soepboer, Trotwaer, 07-1996