In nêst jonge magneten
Cornelis van der Wal
Koperative Utjowerij, 1991

In nêst jonge magneten is de debútbondel fan Cornelis van der Wal út 1991. Yn rauwe bylden en metafoaren siket de dichter om in hâld yn in fijannige wrâld, in wrâld dy't er determinearje wol. De bondel, dy't bestiet út 33 fersen, begjint sa:

Berte

Waarm en weak it fiskbegjin.
Sinneleaze hoalen dy't oan bonken hinget;
út syn bûtenierdske eagen
streamt lykwols ûndersykjend ljocht

Dizze bondel waard yn 1993 bekroand mei de Fedde Schurerpriis.

Oaren oer dizze titel

Cornelis van der Wal, PDF fan dizze bondel
Frits van der Kuip, Trotwaer jiergong 23 (1991)
Fedde Schurerpriis, sjueryrapport
Sietse de Vries, LC 04-11-1993 (fraachpetear n.o.f. takenning Fedde Schurerpriis)