De hite simmer
trinus riemersma
koperative utjowerij, 1968
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
De earste printing fan dizze roman ferskynde yn 1968, dit is de twadde (it omkaft hjirboppe is fan de earste útjefte). De flaptekst út 1968: ‘In ôfstraffing, in ôfrekkening en boppe-al in ôfskied, mei dy wurden kin men de roman De Hite Simmer typearje. Riemersma lûkt noch ien kear te fjilde tsjin de doarpsmentaliteit. Mei de gleone grime wurde ‘leauwe’ en ‘moraal’ ferskopt en begekke ... wylst de skriuwer se op in oar plak suver weemoedich oan kant skoot. Yn lilkens, yn ûnnocht en yn weemoed kriget it definitive ôfskied fan in jeugd en in jeugdleafde stâl. Sa is dizze roman in fuortsetting en in ôfsluting fan it earder wurk fan ’e skriuwer: de lêste kristlike roman.’
Riemersma op syn website:
‘Doe skreau ik De Hite Simmer, mei in foarm ynspirearre troch Menuet fan Louis Paul Boon. Syn fertikale ferdeling waard by my in horisontalen. It nijsgjirrige fan dit boek is de yntertekstualiteit, op in stuit dat nimmen dêr noch mei pielde. Om net fan plagiaat beskuldige wurde te kinnen, haw ik foar yn it boek sein dat ik stikken tekst fan in oar oernommen hie. Op in skriuwerswykein te Koartehimmen haw ik man en peard neamd, mar nimmen hat der út piëteit ea in wurd oer skriuwe wollen. Spitich. En no is it salang lyn dat it nimmen mear ynteressearret.’
[Myn eigen eker]
Oaren oer dizze titel
Marten Sikkema, LC 11-01-1969
Tiny Mulder, Rono 23-03-1969
Jan Wybenga, LC 21-08-1987 diel 1 en diel 2