De heidenen
Rink van der Velde
friese pers boekerij, 1981

Dizze roman spilet him benammen ôf yn de tiid nei 1800. Napoleon is ferslein, de Russyske Kosakken jeie de Frânske legers op en bedarje ek yn Fryslân. Sa strykt in kloft ruters del op Jarla-state by Dokkum. Wannear't se wer fuortgeane, bliuwt Petrov achter. Hy begjint in relaasje mei de jonge frou fan de State. Fanwege de skande wurdt er ferballe, mar sy bliuwt him trou, al is dat net fanwege de leafde, mar om syn hynder dat alle Fryske dravers de baas is.

Oaren oer dizze titel